Lûdskeunstprojekt Riis is in flinke stap tichterby

17 aug 2017 - 20:53

De Keunstkring Gaasterlân krijt 65.000 euro subsydzje fan it Mondriaan Fonds foar it lûdskeunstprojekt Lûd. Dat is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd en moat takom jier fan heal augustus oant en mei heal oktober plakfine yn it Riisterbosk. "Dizze subsydzje is foar ús in grutte stap. Sûnder dit bedrach hiene we twivels hân oft we wol trochgean moasten mei dit projekt", fertelt Anne Herrema fan de Keunstkring Gaasterlân. It is noch hieltyd net wis oft it wol trochgiet, dat hinget noch ôf fan oare subsydzje-oanfragen dy't dien binne. De organisaasje hopet dêr yn novimber dúdlikens oer te hawwen.

As Lûd trochgiet, komme der in soad minsken nei Riis. Alteast, dat is de ferwachting fan de organisaasje. "Wy ferwachtsje dat we yn dy twa moannen 50.000 minsken nei Riis helje kinne", sa seit Herrema. De bedoeling is dat fyftjin keunstners út binnen- en bûtenlân de lûdkeunstwurken meitsje. Dêrby moatte se harren ynspirearje litte troch ferhalen út Gaasterlân en de Riisterbosk. Herrema: "It wurdt in kombinaasje fan taastbere keunstwurken en lûd datst hearre kinst. It is ek foar ús ôfwachtsjen wêrta de keunstners harren ferliede litte. We witte noch net wat se der eksakt mei dwaan geane."

(Advertinsje)
(Advertinsje)