Kampioenscoach Van der Heide stiet no fulltime neist De Jong

17 aug 2017 - 20:13
Henk de Jong (l) en Sandor van der Heide by Cambuur - Foto: Henk Jan Dijks

Sandor van der Heide hâldt op as haadtrainer fan twadde difyzjeklup IJsselmeervogels. De Snitser giet fulltime oan de slach by De Graafschap. Dêr wie Van der Heide al in pear dagen yn de wike assistint-trainer fan haadcoach Henk de Jong. Dat meldt de klup út Spakenburg op harren webside.

Sûnt ein 2015 wie Van der Heide trainer by IJsselmeervogels. Ferline seizoen behelle er syn grutste súkses en waard hy mei de klup kampioen fan de tredde difyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)