Anna-Brecht Bruinsma en dy meie as lêsten nei frouljus-PC

17 aug 2017 - 20:01
Foto: KNKB

It partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Mariska Hoogland en Melissa Rianne Hiemstra hat de keats-off wûn. Se hawwe dêrmei it lêste plakje op de frouljus-PC fertsjinne. Dy is nije wike woansdei yn Weidum. Yn de finale wûnen se mei 5-5 en 6-0 fan it partoer fan Nelie Steenstra, Anouk Tolsma en Kim Dijkstra.

Der diene fjouwer partoeren mei oan de keats-off. It winnende partoer moat it snein yn de earste omloop fan de generale yn Akkrum opnimme tsjin it partoer fan Tineke Dijkstra, Hermine Sytema en Jeske de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)