Heger berop Akkrum kin klassemint SKS op de kop sette

Skipper Pieter Meeter fan Akkrum hat heger berop yntsjinne by de sylried tsjin de behanneling fan it protest dat Auke de Groot fan de Súdwesthoeke tsjin him yntsjinne hat. Der soe in foarmfout makke wêze.
Meeter hie earder al tajûn dat er fout siet. Dêrom is er net nei de protestbehanneling ta gongen. De sjuery hat dêrtroch de Súdwesthoeke automatysk gelyk jûn. Meeter lûkt dy útspraak net yn twifel. Hy woe de stikken wol ynsjen. Dat is him wegere, seit er, en dêrom stapt er no nei de sylried fan de SKS.
As de sylried Akkrum gelyk jout, soe it wêze kinne dat it protest toch noch ôfwiisd wurd, seit René Nagelhout fan de SKS. Dan docht Akkrum wer folop mei foar it kampioenskip. De sylried komt freedtemoarn by mekoar. It is de bedoeling dat der in útspraak is foardat de slotwedstriid by Snits begjint.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.