18-jierrige Sven Lemke nei fjouwer jier werom by Aris

17 aug 2017 - 17:35
Sven Lemke - Foto: Henk Jan Dijks

De 18-jierrige Sven Lemke komt werom by basketbalklup Aris yn Ljouwert. Fjouwer jier lyn gie hy nei Zwolle, om dêr twa jier yn te jeugdoplieding te spyljen. Dêrnei spile hy twa jier by de Canarias Baketball Academy.

Aris is bliid dat Lemke kiest foar Aris, de ferwachting is dat hy him dêr fierder ûntwikkelje kin. Sven Lemke is de 11e spiler fan de seleksje.

Trefwurden: 
Aris Sven Lemke
(Advertinsje)
(Advertinsje)