Ljouwert pakt Grienewei oan, Prinsetún wurdt better berikber

17 aug 2017 - 16:22
De Grienewei yn Ljouwert - Foto: Google Streetview

Nei de simmerfakânsje giet yn Ljouwert opnij in belangrike ferbiningswei op de skeppe. It giet om de Grienewei en dan om it stik tusken it Aldehoustertsjerkhôf en it Schoenmakersperk. De gemeente fynt dat de Grienewei te breed is en dêrom in barriêre foarmet tusken de binnenstêd en de Prinsetún.

De dyk wurdt smeller, der ferdwine parkearplakken en der komt nije beplanting. Om de Prinsetún better berikber te meitsjen wurde ek de oerstekplakken oanpakt. It wurk moat ein novimber klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)