Hearrenfean wint thriller op Iselmar by De Lemmer

17 aug 2017 - 16:09

It Hearrenfean hat it skûtsjesilen yn de baai fan de Lemmer wûn. It is de twadde oerwinning op rige foar skipper Sytze Brouwer. Dêrmei docht Hearrenfean goeie saken foar it klassemint. Grou bliuwt koprinner.

"Dit is geweldich!" sei skipper Sytze Brouwer direkt nei de finish. "Dit is foar ús echt boppe ferwachting. We wurde gewoan earste! Ik wit net sa goed wat ik sizze moat... Geweldich!"

Huzum

It seach der lang nei út dat Huzum de wedstriid winne soe, mar trochdat skipper Johannes Meeter yn de twadde rûte de boppetonne net oansile koe, ferlear er yn ien kear twa plakken. Hearrenfean en Akkrum pypten der tuskentroch.

Massaal falsk

De earste start op De Lemmer wie massaal falsk. Alle skûtsjes moasten op 'e nij begjinne. By de twadde start wie allinne Drachten te betiid. De oaren koenen trochfarre. Snits wie tige min fuort. Huzum wie ferrassend as earste by de boppetonne, en hold de kopposysje lang fêst.

Kampioenskandidaten

De Lemmer koe de oansluting mei de kop net hâlde. It skûtsje fan skipper Albert Visser lei hast de hiele race achteroan. Dêrtroch hat er syn kânsen op it kampioenskip ferskiten.

Snits hâldt wol sicht op de titel. Oan it begjin fan de striid siet Douwe Visser fier achteryn, mar hy kaam yn de rin fan de wedstriid nei foaren. Snits finishte as fyfde.

Akkrum

Akkrum hat oant de ein fan de wedstriid ta besocht om Hearrenfean fan de kopposysje ôf te hâlden. Foar it klassemint is Akkrum gjin bedriging mear. Troch in ferlern protest woansdei by De Lemmer hat Akkrum 13 strafpunten krigen.

Finale

It skûtsjesilen bliuwt spannend oant en mei de lêste dei. Freed wurdt op de Snitser Mar de lêste wedstriid fearn. Dan wurdt bepaald wa't de kampioen fan 2017 wurdt. Sytze Brouwer: "It wurdt in machtige dei! Ik ha der no al sin oan. Geweldich!"

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)