Topriders dogge mei oan 30e Bartlehiem Skeelertocht

Ek trijefâldich winner Gary Hekman docht mei oan de 30e Bartlehiem Skeelertocht © awfoto.nl
Yn Hallum wurdt sneon foar de 30e kear it Iepen Nasjonaal Kampioenskip skeelerjen hâlden, bekend ûnder de namme Bartlehiem Skeelertocht. By de wedstriid oer 100 kilometer stiet dit jier in grut tal maratontoppers oan de start, ûnder oaren Jorrit Bergsma en syn teamgenoaten Bart Swings en titelferdigener Crispijn Ariëns. By de froulju is Irene Schouten de favoryt, mar ek Marijke Groenewoud út Hallum jildt as kânshawwer.
Foarôfgeand oan de wedstriid, is der in dernykoers. By dy koers stappe ferskate promininten op de racefyts, lykas Arjan Stroetinga, Douwe de Vries, Sjinkie Knegt en Lieuwe Westra.