Kongres moat maratonreedriden ympuls jaan

17 aug 2017 - 15:39

Yn de Alvestêdehal yn Ljouwert wurdt op 16 septimber in kongres organisearre foar en troch maratonreedriders. It doel is om it maratonriden in ympuls te jaan. Alle trainers en lanlike maratonriders hawwe in útnûging krigen, mar ek de wedstriidriders fan de Alvestêdetocht fan 1997.

De dielnimmers kinne meidwaan oan ferskate workshops, ûnder oare oer de technyk, de oerienkomsten tusken shorttrack en maratonriden en de organisaasje fan wedstriden. Der kinne maksimaal 200 minsken meidwaan oan it kongres.

(Advertinsje)
(Advertinsje)