Postma twadde yn de Kerspelen

02 jun 2012 - 17:37

Hurdfytser Pieter Postma fan hurdfytsferiening Otto Ebbens is by de 19e edysje fan de Ronde van de Kerspelen mei start en finish yn Droegeham twadde wurden. Postma siet yn in kopgroep fan trije man. Bram Verweij fan de NWVG Grins kaam as earste oer de streek. Syn ploechgenoat Jos Harms waard tredde.

In swiere fal yn it begjin fan de wedstriid soarge der foar dat Kevin Boon van WV Eemland út Amersfoort oerbrocht wurde moast nei it UMCG yn Grins. In oare fytser, Sander Aardenburg fan DTS Zaandam, waard oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Jorrit Bergsma waard achtste, Hidde van Nuil tolfde en Arjan Stroetinga fjirtjinde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)