Drachtster (41) oanhâlden foar koperstellerij

17 aug 2017 - 11:28
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdeitemoarn betiid in 41-jierrige Drachtster oanhâlden foar it stellen fan koper. De dief helle it koper fan it dak fan in bedriuwsbus oan de Aldewei yn Drachten. De eigener fan de bus waard wekker fan it geblaf fan in hûn en seach dat de kokers boppe-op syn auto iepen wiene. Dêr sieten koperen buizen yn dy't de eigener brûkte yn de bou.

Doe't de man bûten kaam, seach er de dief fuortrinnen en belle de plysje. Dy koe de koperdief op de Stasjonswei oanhâlde. De fertochte is in bekende fan de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)