Brânwacht en biste-ambulânse ha hannen fol oan rêden fan kat

17 aug 2017 - 09:46
Foto: SR Fotografie

In kat hat de brânwacht fan Drachten tongersdeitemoarn flink dwaande hâlden. De brânwacht waard oproppen om't it bist heech yn in beam siet en der net mear útkomme koe. Tegearre mei meiwurkers fan de biste-ambulânse besocht de brânwacht de kat te pakken. Doe't se him hast hiene, sprong it bist fan fiif meter heech nei ûnderen. De kat bedarre dêrby yn in sleat. Meiwurkers fan de biste-ambulânse hawwe it bist mei in skepnetsje út it wetter fiske.

(advertinsje)
(advertinsje)