Repetysjes Hebeca sette útein

02 jun 2012 - 17:24

Njonken Bonifatius de musical binne ek in soad oare iepenloftspullen yn it spier om moaie foarstellings del te setten. Sa presintearret Jistrum de iepenloftfoarstelling Hebeca. Neffens de organisaasje de grutste lokaasjefoarstelling fan Fryslân.

Grutsk presintearre regisseur Dirk Bruinsma sneon de kick-off fan Hebeca. De ôfrûne moannen hat de organisaasje drok dwaande west om it jild, sa'n twa ton, rûn te krijen. Mei stipe fan oerheid en fûnsen kin it stik yn septimber fiif kear opfierd wurde. It stik giet oer it Russyske doarp Hebeca.

De mienskip libbet neffens âlde tradysjes. Mar dan komt âld-bewenner Viktor Wodka werom nei it doarp. Hy set in wodkafabryk yn it doarp del en dat soarget foar feroarings. Yn it stik spylje in soad bekende gesichten mei, lykas akrtrise Hilly Harms, sjongeres Tet Rozendal en presintatrise Miranda Werkman. De grutte publykslûker is Peter Tuinman, bekend fan televyzjesearjes lykas Unit 13, Dankert & Dankert en ferskate films. Yn it iepenloftspul komt in soad live muzyk foar. De muzykferiening en Fanfare Joost Wiersma sille 78 nûmers live spylje. Kommende moandei sille de akteurs harren earste repetysje ha. Dat sil foarearst yn in skuorre wêze. Want op it plak dêr't it stik opfierd wurde sil, yn it lân, mei dat noch net om't it noch briedseizoen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)