Achmea boekt 171 miljoen nettowinst

17 aug 2017 - 09:22
De Prinsetún yn Ljouwert - Foto: Meteo Nederland

Fersekerder Achmea hat de earste helte fan dit jier in nettowinst fan 171 miljoen euro boekt. De fersekerder brocht de kosten mei 8 prosint omleech en seach de ynkomsten út preemjes foar soarch- en skeafersekeringen flink omheech gean. Ferline jier waard der yn it earste healjier noch in ferlies fan 26 miljoen boekt. Dat kaam doe mei troch de hagelskea troch dikke buien op 22 en 23 juny 2016.

Topman Willem Duin is benammen grutsk op de goede resultaten fan de skeafersekeringstak. Troch it gebrûk fan smartphones en oare apparaten yn it ferkear is de kâns op in ûngelok de lêste tiid flink tanaam.

Trefwurden: 
Achmea fersekerder Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)