"SC Cambuur kin noch wol wat topspilers brûke"

17 aug 2017 - 15:30

De Jupiler League stiet op it punt fan begjinnen. De twadde Nederlânske fuotbalkompetysje set freed útein. SC Cambuur hâldt de Fryske eare heech en iepenet it seizoen yn eigen stadion tsjin Jong Ajax. Mar hoe stiet de Ljouwerter ploech der eins foar? Wy fregen it oan Cambuur-watcher Geert van Tuinen.

Hoe stiet it team derfoar?

"Dat is noch efkes de fraach. Der is in folslein earedifyzjeweardich middenfjild fuortgien by Cambuur. Pure kwaliteit en goals. Sander van de Streek makke der 22 yn de kompetysje. Erik Bakker wie lykas Jamiro Monteiro hiel belangryk op it middenfjild, dus Cambuur leveret in protte kwaliteit yn. Ek Jergé Hoefdraad is der net mear en dy wie de kening fan de assist. Mei oare wurden, it falt net ta om dy kwaliteit wer werom te krijen." 

Hokker nije spilers binne der oanlutsen?

"Der binne oant no ta njoggen nije spilers oanlutsen, wêrfan twa keepers. Jesse Bertrams wurdt de earste keeper. Ik tink dat hy kwaliteit genôch hat. Fierder kaam Justin Mathieu fan FC Oss, Issa Kalon fan FC Utrecht (spile ferline jier by Emmen), Bryan Smeets fan De Graafschap, Darren Rosheuvel fan FC Utrecht, Nigel Robertha fan Feyenoord en Martijn van der Laan kaam wer werom fan FC Grins nei it âlde Cambuurnêst. Kwantitatyf net sa gek, kwalitatyf haw ik noch wol twifels. Smeets en Van der Laan moatte noch hiel hurd traine om op nivo te kommen; Rosheuvel en Robertha binne talinten, mar noch hiel jong. Mathieu hat noch muoite om it nivo fan Cambuur te heljen en fan Issa Kalon witte we net presys wêr't hy stiet. Hy is der krekt. Noch in protte fraachtekens dus."

Binne der noch saken dy't oanpakt wurde moatte kwa personiele besetting?

"Jawis! Der moat yn alle gefallen noch in spits by. Ien dy't der direkt stiet en kwaliteit taheakket. Dit jildt ek foar it middenfjild en der kin ek noch wol in rjochtsback by. Want dêr is der eins mar ien fan. Jordy van Deelen, mar hy is blessearre."

Hoe wie de tarieding op dit nije seizoen?

"Wikseljend. De potsjes tsjin de amateurs fan DTD en Koatstertille wienen ferplichte nûmers. Tsjin Almere City waard it gebrek oan kwaliteit wol sichtber, lykas tsjin Sparta Rotterdam, hoewol't de twadde helte fan Cambuur doe wol better wie. Tsjin de oare earedifyzjonisten, AZ en FC Zwolle, waard Cambuur fan it fjild rost, mar tsjin Helmond Sport seagen wy dochs moaie patroanen werom kommen, sadat de oefenkampanje mei in posityf gefoel ôfsletten waard."

Wêr lizze de pinepunten by de ploech?

"Sa as sein: foaryn is in goede spits absolute needsaak. En it middenfjild kin ek seker noch in bepalende spiler brûke dy't kwaliteit taheakket. Trije, miskien fjouwer spilers dy't 'der direkt stean', dat soe Cambuur wer ta in topklup meitsje kinne dit seizoen. It jild is der, mar spilers... ho mar! Dat hat de measte jierren oarsom west, dus dat kinne je ek posityf opfetsje."

Hokker spilers sille trochbrekke?

"Dit is altyd dreech te sizzen. Ik fûn Kalon ferline jier by Emmen bytiden in klasbak. Mar…wikselfallich. Hy kin útgroeie ta in belangrike spiler. Robertha fyn ik in talint. In echte spits, mar hy is noch mar 19 jier. Miskien dat hy yn de rin fan it jier in wichtige rol spylje kin. Ik bin ek wol hiel benijd nei de groei fan Mathieu. Hy wie by FC Oss belangryk. As hy trochgroeit, kin hy dat by Cambuur ek wurde. En ik hoopje dat Ricardo Kip nei in jier fol blessuereleed dit jier echt trochbrekke sil."

Wêr sil Cambuur oan de ein fan de kompetysje stean?

"Ik gean der fanút dat Cambuur der noch yn slagget wat kwaliteit oan te lûken. En as dat slagget, dan is in top 6 klassearring mooglik. Ferjit net dat de folsleine achterhoede yntakt bleaun is, ynklusyf Robbert Schilder. Dy liny is yn alle gefallen Jupiler League weardich. Mei in pear goeie oankeapen, kin dat ek jilde foar de oare linys en dan docht Cambuur wer mei om de prizen."

Ferslachjouwer Andor Faber folget Sportklup Cambuur it kommende seizoen ek en sil by in oantal wedstriden it kommentaar fersoargje. Andor, wat ferwachtest do fan Cambuur dit seizoen?

"Ik ferwachtsje dat Cambuur dit seizoen meistriidt om in plak yn de neikompetysje. It kampioenskip is net realistysk mei de seleksje sa as dy der no stiet. De Ljouwerters hawwe derfoar gewoan te folle kwaliteit ynlevere. Spilers dy't de ôfrûne seizoenen fan grutte wearde wiene foar de klup, lykas Erik Bakker en Sander van de Streek, binne ynruile foar jongere spilers. Foar't dy op itselde nivo sitte, giet der tiid oerhinne."

"As Cambuur by de earste fiif fan de Jupiler League einiget, meie se yn de neikompetysje foar promoasje de earste ronde oerslaan. Ik tink dat se it hiel goed dogge as se dat foar mekoar krije." 

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)