Ljouwerter taksybedriuw profitearret fan Psy-Fi-festival

16 aug 2017 - 23:06

It Ljouwerter ferfiersbedriuw Vervoersgroep Noord profitearret fan it festival Psy-Fi, dat woansdei úteinset is yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert. Der ride tsientallen bussen en weinen om alle festivalgongers te ferfieren. "We vervoeren gedurende de festivalperiode tussen de 45.000 en 50.000 mensen. Het is een grote operatie", fertelt direkteur Sjoerd Verkoelen. It bedriuw hellet en bringet minsken en artysten fanôf ferskate plakken. Sa rydt it hin en wer nei Schiphol, ride der bussen tusken it parkearterrein by it WTC en is der in bustsjinst tusken it festivalterrein en trije plakken yn Ljouwert.

Sûnt ferline jier wurdt it wurk útfierd troch de Vervoersgroep Noord. Dêrfoar smiet it ferfier benammen oan de ein fan it festival in soad problemen op. Dy binne der no net. "Als je zulke aantallen mensen vervoert, zul je dat nooit naar ieders tevredenheid doen. Maar we hebben het goed onder controle en dat is in vergelijking met andere jaren een opmerkelijk verschil", sa seit Verkoelen. "Ik ben tot nu toe heel erg tevreden en als we deze lijn vasthouden, dan ben ik een tevreden man over een week." Psy-Fi is woansdei úteinset en duorret oant 'e mei snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)