Alle sike esken hoege net omseage te wurden

17 aug 2017 - 06:45

It is beslist net nedich om alle esken dy't besmet binne mei de esketakstjerte om te seagjen. Dat seit beamme-ûndersiker Jelle Hiemstra fan de Universiteit fan Wageningen. In grut part fan de esken yn Fryslân is siik. Steatsboskbehear kapt de besmette beammen dy't se op it eigen terrein te stean ha.

As de sike beam gjin direkt gefaar opsmyt, is it neffens Hiemstra faak better om him stean te litten. Soms duorret it hiel lang foardat in beam deagiet oan de esketakstjerte. En guon beammen oerlibje de sykte. Hiemstra docht ûndersyk nei de esketakstjerte. Hy besiket út te finen hokker eskesoarten resistint binne tsjin dy sykte. It kin noch wol even duorje foardat we der hielendal ôf binne, seit er.

Trefwurden: 
esken esketakstjerte
(Advertinsje)
(Advertinsje)