Hoareka set alles op alles om personiel te finen

17 aug 2017 - 10:28

De hoareka op de Waadeilannen docht der alles oan om genôch personiel te krijen: hegere leanen, langere kontrakten of in hiele oare wurkwize, sadat it mei minder kwalifisearre personiel ta kin. Op de Waadeilannen wrakselje se al langer mei it probleem dat se dreech oan minsken komme kinne. Langere kontrakten binne in opsje foar bedriuwen dy't winterdeis ek aardich oanrin hawwe. Yn de winter wurde wol minder oeren makke, sa seit Lars Dirk Visser fan de site Waddenvacatures op Ballum, Amelân.

Foaral lytsere ûndernimmers doare it ek oan om it konsept te wizigjen. Bygelyks troch saneamde runners yn te setten om bestellings út te servearjen yn de betsjinning.

(advertinsje)
(advertinsje)