Oefening op de Waadsee om oaljerampen te bestriden

Rykswettersteat oefenet yn septimber op de Waadsee op de bestriding fan ynsidinten dêr't oalje by yn it wetter komt. Rykswettersteat wurket dan gear mei ûnder oare natoerbehearders en de gemeente Skiermûntseach. De oefening duorret trije dagen.
De earste dei is spesjaal foar bestjoerders. Letter wurdt der oefene op it oprêden fan oalje op de Waadsee en it strân fan Skiermûntseach.