Man út Deventer wol mei in mes it gerjochtsgebou yn

16 aug 2017 - 18:25
It gerjochtshôf yn Ljouwert

In 19-jierrige man út Deventer woe woansdeitemiddei mei in mes it gerjochtsgebou op it Saailân yn Ljouwert yn. By de tagongskontrôle waard it mes ûntdutsen. De plysje hat him steande hâlden. Hy hat proses-ferbaal krigen omdat er it messeferbod yn it sintrum fan Ljouwert skeind hat. It mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
mes rjochtbank Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)