FIDEO: Sa wennet it yn in tiny house

16 aug 2017 - 17:50

Yn Hurdegaryp wenje sûnt in goed moanne fiif folwoeksenen yn fiif tiny houses. Lytse hûskes dêr't alles yn sit om wenje en libje te kinnen. En mei in moai stik grûn der omhinne. Ien fan dy bewenners is de 27-jierrige Gerard Dijkstra. Earder wenne de Hurdegarypster yn it midden fan it lân mei in moaie auto, in noflik - mar djoer - appartemint en in prima baan. Dochs woe hy graach werom nei Fryslân en wenje yn in kompakt hûs dêr't wol gewoan alles yn en op sit. In tiny house, boud fan duorsum materiaal en mei sinnepanielen dy't yn it eigen enerzjyferbrûk foarsjogge.

Mei syn bedriuw Mill Home helpt Dijkstra no ek oare minsken oan in tiny house. "Momenteel hebben we honderden mensen op de wachtlijst staan die in aanmerking willen komen voor een tiny house. We zijn trouwens ook bezig om tiny houses op wielen op de markt te krijgen, zodat mensen nog meer van hun vrijheid kunnen genieten."

Trefwurden: 
tiny house Hurdegaryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)