Gaswinning by Toppenhuzen krijt definityf grien ljocht

16 aug 2017 - 17:35
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Vermilion Energy moat fan de start fan de gaswinning by Toppenhuzen de befolking alle jierren ynformearje oer de boaiemdelgong en de boaiemtrillings dy't ûntstean troch de winning. Dat hawwe de ministers fan Ekonomyske Saken en de Ried fan Steat fêstlein yn it gaswinningsplan.

Yn april waard der tastimming jûn foar it winnen fan 500 miljoen kúb gas. Yn dat plan ûntbruts lykwols de ynformaasjeplicht. Boargers hawwe dêr tsjin protestearre en dat protest is terjochte, sa docht no bliken. No't dy ynformaasjeplicht swart op wyt stiet, hat de Ried fan Steat it winningsplan definityf fêststeld.

(advertinsje)
(advertinsje)