Randmeer-jubileum by Heech

02 jun 2012 - 16:46

De Randmeer bestiet 50 jier en dat wie sneon reden foar feest by Jachtwerf Heeg en op de Hegemermar. De Randmeer is in iepen polyester sylboat fan seis meter dy't troch de jachtwerf boud wurdt. Der binne no sa'n 2000 Randmeren boud en ôfhinklik fan de fraach komme der jierliks tusken de 25 oant 50 by.

Sneon wie der admiraalsilen troch in float fan 70 Randmeren op de Hegemermar. De silers wienen út it hiele lân mei har boat nei Heech kommen om it feest mei te meitsjen. Snein wurdt der wedstrydsyld.

Admiraal boargemaster Haijo Apotheker fan Súdwest-Fryslân stie mei alle gasten op de ielaak Korneliske Ykes ll om it defilee ôf te nimmen.

Trefwurden: 
Heech jubileum Randmeer
(Advertinsje)
(Advertinsje)