It Hearrenfean wint op De Lemmer, Akkrum ferliest protest

It skûtsje fan It Hearrenfean hat woansdei it skûtsjesilen yn de Lemster baai wûn. Akkrum kaam as earste oer de finish, mar troch in protest fan de Súdwesthoeke falle se hielendal nei ûnderen yn de dei-útslach.
Akkrum joech gjin foarrang yn in bakboard-stjoerboard-sitewaasje by de earste tonne. Skipper Pieter Meeter joech fuort nei de finish al oan dat er fout siet. Hy hat him net ferdigene by de behanneling fan it protest.
Troch it ferliezen fan it protest falt Akkrum út de top fan it klassemint. Se dogge no eins net mear mei foar de einoerwinning. Foar It Hearrenfean en skipper Sytze Brouwer is dit de earste oerwinning fan it seizoen.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.