Degradaasje Harkemase Boys

02 jun 2012 - 16:31

Harkemase Boys is sneon degradearre út de topklasse. Yn Werkendam waard mei 4-1 ferlern fan Kozakken Boys. Yn de 13e minút kaam de thúsploech op in 1-0 foarsprong.

Rob van Bunderen sette foar de Boys foar it skoft noch wol de 1-1 op it skoareboerd, mar yn de twadde helte wie Kozakken Boys baas op it fjild. It waard by eintsjebeslút nei 90 minuten 4-1. Ofrûne tiisdei hie Harkemase Boys op it eigen fjild ek al ferlern. Doe waard it 4-0 foar Kozakken Boys.

(Advertinsje)
(Advertinsje)