Mooglik meanrobots op sportfjilden yn Opsterlân

16 aug 2017 - 12:40
Foto: Shutterstock

It meanen fan de sportfjilden yn de gemeente Opsterlân moat net opnij oanbestege wurde, mar it gers op de fjilden moat tenei koart hâlden wurde troch meanrobots. Dat seit de fraksje fan Opsterlands Belang. De robots dogge it wurk goedkeaper en better, seit de fraksje.

Dêrneist moat neffens de fraksje ûndersocht wurde as minsken dy't no gebrûk meitsje fan de partipaasjewet, oansteld wurde kinne as behearder fan de sportfjilden. De fraksje hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

(advertinsje)
(advertinsje)