Tûzen streetdancers yn Snits

02 jun 2012 - 15:36

Streetdance is populêr. Mar leafst 1000 dûnsers diene sneon mei oan de finale fan it earste Noard-Nederlânske kampioenskip Streetdance yn de Sneker Sporthal yn Snits.

Earder wiene der wol wedstriden foar streetdancers, mar dat wiene lytsere eveneminten mei ferskate regleminten. Aagje Bouwhuis fan Warkum fûn dat net handich en naam it inisjatyf ta ien kampioenskip foar de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en Flevolân. De leeftyd fan de dûnsers rûn fan 6 oant ûngefear 30 jier. It doel is om fan it kampioenskip tradysje te meitsjen.

Trefwurden: 
kampioenskip streetdance
(Advertinsje)
(Advertinsje)