Tadracht deadlike stekpartij It Hearrenfean noch net dúdlik

16 aug 2017 - 11:26

De 30-jierrige fertochte fan de deadlike stekpartij tiisdeitejûn oan de Woudsterwei op It Hearrenfean is út it sikehûs ûntslein en sit no fêst op it plysjeburo. De resjerzje sil de man dêr befreegje en kin noch neat sizze oer de tadracht fan de stekpartij.

Neffens in buorman rûn de fertochte tiisdeitejûn al langer rûn yn de strjitte. Hy makke in betize yndruk. Om't de buorman it net fertroude, belle er de plysje. De Drachtster kaam ferfolgens mei geweld it hûs fan de slachtoffers binnen en begûn fuortendaliks op de 60-jierrige bewenner yn te stekken. It slachtoffer oerlibbe de oanfal net. Syn 29-jierrige soan waard ek oanfallen. De soan soe mei in hammer besocht ha de fertochte tsjin te hâlden.

By de fjochterij rekken sawol de soan as de Drachtster ferwûne. De soan leit noch hieltiid yn it sikehûs. De plysje hat de auto fan de Drachtster yn beslach naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)