Reorganisaasje by FrieslandCampina

16 aug 2017 - 10:59
It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort - Foto: ANP

FrieslandCampina sil reorganisearje. Neffens eigen sizzen kin it bedriuw, dat fan fiif nei fjouwer difyzjes giet, better ynnovearje en ynspylje op ûntwikkelingen yn de merk. De nije organisaasje is fan 1 jannewaris ôf operasjoneel. It is net dúdlik as der banen ferdwine, mar it bedriuw slút dit net út. Der wurkje no 22.000 minsken, ferspraat oer 33 lannen. Wol is dúdlik dat topminsken Piet Hilarides en Bas van den Berg fuortgean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)