UPDATE: Jouster (28) belutsen by deadlik ûngelok Zoutkamp

16 aug 2017 - 10:34
Foto: De Vries Media

In 28-jierrige frachtweinbestjoerder fan De Jouwer rekke woansdeitemoarn belutsen by in ûngelok yn Zoutkamp. By it ûngelok op de Panserweg kaam in 51-jierrige automobilist út Baflo om it libben. De bestjoerder botste op de frachtwein en rekke dêrnei yn de sleat neist de dyk. De Jouster dy't de frachtwein bestjoerde, kaam mei de skrik frij.

Der ûntstie in grutte ravaazje op de dyk. De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend. De dyk wie in skoft ticht om de helptsjinsten harren wurk dwaan te litten.

Trefwurden: 
ûngelok Zoutkamp
(Advertinsje)
(Advertinsje)