"Plan fan oanpak foar ferbeterring wurksfear yn finzenis"

16 aug 2017 - 10:16
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Eltse finzenis moat in plan fan oanpak meitsje om de relaasje tusken de direksje en it personiel te ferbetterjen. Dêrneist sil in eksterne partij ûndersyk dwaan nei it wurkklimaat en wurdt sjoen oft der wol genôch personiel ynsetber is. Dat binne de útkomsten fan in oerlis tusken de direksje fan de Dienst Justitiële Inrichtingen en de sintrale ûndernimmingsried.

PI Leeuwarden

Begjin augustus kaam de ûndernimmingsried mei in soad krityk op de wurkomstannichheden yn de Nederlânske finzenissen. Yn de PI Leeuewarden spylje neffens de ûndernimmingsried benammen problemen mei de opfang en de begelieding fan minsken mei in psychyske steuring. Dizze groeiende groep moat mear begelieding ha en der is it personielsbestân net op oanpast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)