Hurdriders op de A7 pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitemiddei en tiisdeitejûn 29 boeten útdield oan hurdriders op de A7 by De Jouwer, Drachten en It Hearrenfean. Fan trije bestjoerders is it rydbewiis ynnaam om't se fierstente hurd rieden. De plysje kontrolearre op de plakken dêr't de maksimumsnelheid 70 of 100 kilometer is. In 44-jierrige automobilist út Ljouwert ried 140 kilometer dêr't 70 tastien is.