Kollum: "Proaza oer poëzy"

"Smyt Trump al of net in bom op Koreä of is it akwadukt yn de Drachtsterwei miskien noch wol in oere earder klear. Folslein ûnbelangryke saken as je it ôfwage tsjin wer’t ik it oer ha wol. Mar Friezen yn in tintsje oan de Lago Maggiore lêze de Telegraaf en dêr stiet it net iens yn. In skande. Ik sil it jim dus útlizze.
As jo in taal ha, en dy ha wy, dan ha je ek literatuer. Fan poëzyalbumferskes oant tsjokke histoaryske wurken. Dêr sit in hieleboel tusken yn. De literêre wrâld sit ek smoarfol prizeguod. Ek yn Fryslân fansels. Ik ha foar it oare net útsocht hokker prizen as we no noch wol of net mear ha. Prizen yn de literêre wrâld smite nammentlik altyd swierrichheden op. De ien fynt in boek moai, in oar net. De ien fynt in gedicht in fers oan de ingelen, in oar fynt it sinterklazegedoch. Dat betsjut dat sjuerys fan literêre prizen gjin lang libben ha.
De grutste Fryske literêre priis, is de Gysbert Japicxpriis. Fan 1947 ôf wie’t elk jier. Der moast in soad fan dat âlde guod nochal hastich in priis ha, oars wienen se al dea. Letter om de twa, doe om de trije jier, mar doe kaam der ynienen wer sa’n soad talint op, gau wer twa jier. De iene kear poëzy, de oare kear skriuwers. As je him winne krij je 10.000 euro. Likegoed wegere Ealtsje Boates Folkertsma yndertiid de priis. Jan Dijkstra kaam him net iens opheljen. Dat woe Rink van der Velde ek net. Dat gedoch en dy swarte pakken yn de Martinitsjerke fan Boalsert, neat foar him. Mar doe’t it provinsjaal bestjoer him nûge om dan dat jild dan mar op it provinsjehûs te heljen, kaam it hiele kolleezje yn sjaket en sette Van der Velde dêrmei foar lul.
Dat kolleezje spilet gauris in rol. Doe’t de faksjuery Meindert Bylsma syn telefoanspultsje Operaasje Fers de priis ta ha woe, hâlden se it jild sels. En doe’t de sjuery sei dat nimmen de priis fertsjinne, hat it provinsjale kolleezje op eigen manneboet Jan Wijbenga oanwiisd. We ha ek ris in sjuery hân dy’t Willem Tjerkstra de priis taskikte, mar doe wie der yn ien kear kabinetskrisis yn it kolleezje. Om't deputearre Bertus Mulder de priis oan Durk van der Ploeg jaan woe, mar de oaren stimden dochs foar Willem. Durk krige him acht jier letter.
Sjoen dy foarskiednis is it net sa frjemd dat de hjoeddeiske kultuerdeputearre Sietske Poepjes tinkt dat se de baas fan de literêre wrâld is. Dus krige se fan 'e wike in iepen brief fan Abe de Vries. Iepen betsjut dat wy him ek krigen ha, der moat ommers publisiteit wêze. Je hâlde net yn de winter op mei skûtsjesilen, nee dat doch je midden yn de wedstriden. Abe de Vries hat Sietske Poepjes werklik ôfseame. Want Sietske wol in gesellig-leuke RTL-jûn, nominaasjes bekend, mar op de jûn sels witte we pas dat Eppie Dam de priis krijt. Spanning, sensaasje. Sietske is al út’e skroeven. Mar ús dichters ha gjin sin oan de Voice fan Fryslân.
Abe de Vries hat syn nominaasje foar Brek dyn Klank no ynlutsen. Hy smyt dus achteleas 10.000 euro fuort. Mar ek de oaren ha sein dat RTL gedoch neat te finen. En Abe en in soad oaren wolle ek net dichter des heitelâns wurde, sa’t elk lân dy hat, om Sietske har poëzyalbumgedoch.
No ja, da’s allegear it normale gedoch om literêre prizen en beneamingen hinne. Bliuwt oer yn De Vries syn brief: Hy wol dat Sietske Poepjes ophâldt mei te tinken dat dichters yn tsjinst binne by de provinsje. En dat der dus mar gau in oare kultuerdeputearre komme moat. Tsja. Sietske har foargongers ha har altyd ynhâldlik bemuoid mei de ynhâld fan it literatuer yn it Frysk. Se neamden dat belutsen. En dêr moat Sietske dan no mei ophâlde? Toe no Abe, dan is de lêste dy’t noch Fryske gedichten lêst ek noch fuort. Ruilje: gjin RTL gedoch, mar ien fan jim wurdt al heitelânsdichter. Want dêrmei is it mooglik om it Frysk tichter by de minsken te krijen. En dat fine Sietske en do beide fan belang."