Falpartij Ronde v.d. Kerspelen

02 jun 2012 - 15:18

By de hurdfytswedstryd de Ronde van de Kerspelen yn de Fryske wâlden is sneontemiddei flak nei twa oere in tal renners ûnderút gien. It ûngelok barde op de Heawei by Stynsgea. De traumahelikopter waard ynskeakele. Der binne twa hurdfytsers oerbrocht nei it sikehûs.

Ien dêrfan is swier ferwûne en oerbrocht nei it UMCG yn Grins, de oare ferwûne is nei it sikehûs yn Drachten brocht. It soe gean om in lid fan hurdfytsferiening Eemland út Amersfoort en ien fan DTS Zaandam. Fjouwer oare dielnimmers binne op it plak fan it ûngelok behannele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)