Deade by stekpartij It Hearrenfean

15 aug 2017 - 23:47
  • Deadlike stekpartij It Hearrenfean
  • Plysjewurdfierder Robert-Jan Valkema

By in stekpartij yn in wenning oan de Wâldsterwei op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in man om it libben kaam. It giet om de 60-jierige bewenner fan it hûs. In twadde bewenner, in 29-jierige man, rekke ferwûne. De plysje hat in 30-jierige man út Drachten oanholden. Dizze man rekke ek ferwûne. Sa as it no liket is hy om ûngefear healwei alven jûns de wenning mei geweld ynkaam.

De plysje docht op it stuit ûndersyk. De strjitte is derfoar ôfsletten. Wat de oanlieding wie foar de stekpartij is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
deadlike stekpartij
(advertinsje)