Feteranen by Ynje betinking It Hearrenfean

Op It Hearrenfean binne tiisdei de slachtoffers fan de Japanske besetting fan it eardere Nederlânsk-Ynje betocht. Op 15 augustus kaam der mei de kapitulaasje fan Japan offisjeel in ein oan de Twadde Wrâldoarloch foar Nederlân. De betinking is op It Hearrenfean by in tinkstien dêr't de nammen fan fiif mannen opstean dy't net mear werom kamen út Nederlânsk-Ynje. Alle jierren wurdt it foar de feteranen dreger om by de betinking te wêzen. Dochs wiene der gjin lege plakken. Under oare lokoboargemaster Coby van der Laan spruts de minsken ta. Fierder waarden der krânsen lein by it monumint.