Burgumer konkoers mei 600 hynders grôtfol

15 aug 2017 - 21:08

Der is safolle belangstelling foar it konkoers hippyk dat dit wykein yn Burgum hâlden wurdt, dat de organisaasje it programma oanpast hat. Der steane no 600 hynders ynskreaun foar it konkoers. Mear kinne der beslist net by. En dat wylst it hiele feest ferline jier net trochgean koe, omdat der te min ynskriuwingen wiene.

It grutte ferskil mei ferline jier is dat der no op sân riden wurdt, en net mear op gers. Op gers moatte de hynders spesjale izers ûnder, omdat se oars útglide. Oan de ein fan it seizoen kieze in protte ruters derfoar om dat net mear te dwaan, seit de organisaasje. Boppedat wie der ferline jier yn itselde wykein ek in oar konkoers, yn Grinslân. Dêr hiene se konkurrinsje fan.

Trochdat der no mear dielnimmers binne as yn it foar tocht waard, begjinne de wedstriden in oere earder, en se geane ek langer troch. It konkoers begjint freed om 09:00 oere. De grutte priis wurdt sneontemiddei om fiif oere hinne ferriden. "It moat ek gjin nachtwurk wurde", seit Marit Bijlsma fan de organisaasje.

Trefwurden: 
Burgum konkoers hippyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)