Rôze bernefyts soarget foar grutte sykaksje yn Snits

15 aug 2017 - 19:50
Sykaksje yn Snits - Foto: De Vries Media

Helptsjinsten binne tiisdeitejûn manmachtich útrukt foar in melding fan in rôze bernefyts dy't fûn wie by de wetterkant oan de Harmen Sytstrastrjitte yn Snits. Under oare dûkteams út Ljouwert en Snits wiene oanwêzich om te sykjen nei in mooglik berntsje dat by de fyts hearde. Ek wiene ambulânses en in traumahelikopter oproppen. Der is neat oantroffen, en der is ek gjin fermissing bekend by de plysje. Der wurdt noch besocht te efterheljen fan wa't de fyts is.

"Het is heel goed dat deze melding is gedaan" sa seit in wurdfierder fan de plysje. "Als je op zo'n plek een kinderfiets ziet liggen gaan alle alarmbellen rinkelen."

Trefwurden: 
plysje sykaksje Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)