Spyt by Langwar foar hannelswize by it útstappen

It skûtsje fan Langwar op de Pikmar by Grou © ANP
It skûtsje fan Langwar sylt de lêste trije wedstriden fan it SKS kampioenskip definityf net mei. Nei it kampioenskip sil Langwar yn petear mei de SKS oer de situaasje. Dat blykt út in ferklearring fan Langwar.
Langwar seit no dat de wize wêrop't se út it kampioenskip gien binne 'net korrekt' wie. "Hanneljend fanút emoasje is de ferkearde foarm keazen." Langwar hâlde midden yn de wedstriid by Starum op, nei eigen sizzen om omtinken fan de media te krijen.
Langwar is it net iens mei de nije regels dy't der ta laat ha dat se no minder seil sette meie. Dêrtroch kinne se net mear foar de winst sile, sizze se. Langwar stiet stiif ûnderoan yn it klassemint.
De kommisje fan Langwar sjocht no yn dat se dizze striid net ûnder de wedstriidrige oangean moatten hiene. Skipper, bemanning en kommisje ha nea de bedoeling hân om de SKS skea ta te bringen. Dat de SKS dit wol sa fielt, fine se spitich, blykt út de ferklearring dy't de SKS publisearre hat.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.