100 boetes by Dolsterhuzen
De plysje hat op De Lemmer en by Dolsterhuzen in lytse hûndert boeten útdield foar te hurd riden. De kontrôles waarden útfierd nei oanlieding fan ferskate klachten.
De plysjekontrôles wiene op de Plattedyk op De Lemmer en de Marwei by Dolsterhuzen. Mei-inoar waarden der sa'n 1400 auto's kontrolearre.