Ferwûne by oanriding by Wytmarsum
By in oanriding op in krúspunt krekt bûten Wytmarsum is ien persoan ferwûne rekke. Tiisdeitemiddei om fiif oere hinne botsten twa auto's tsjin inoar. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik wat de oarsaak fan de oanriding wie.