"Skûtsjeskippers sykje altyd nei de mazen yn de wet"

15 aug 2017 - 18:31
De skûtsjes fan Ljouwert en Drachten - Foto: SKS

De spanning by it skûtsjesilen tusken orizjinaliteit en sa hurd mooglik sile wolle, is fan alle tiden. Dat seit Frits Jansen, fan de stichting Foar de Neiteam, dy't alle histoarje oer skûtsjes en skûtsjesilen fêstleit. "30 jier lyn wie âlde Lodewijk Meeter altyd oan it eksperimintearjen. Dy hat wolris in koproer hân, in roer op de steven fan it skip om der flugger mei oerstach te gean. En by de IFKS hawwe se wolris trolleys yn it rom hân, om as it skip skeef giet it toch yn in bepaalde hoeke te hâlden."

Al dy eksperiminten wiene ek de reden om yn 1987 in orizjinaliteitskommisje yn it libben te roppen, wat letter de kommisje Amels wurden is. Al is der fan echte orizjinaliteit gjin sprake mear neffens Jansen. "De skippen binne ferlingd, de mêsten binne langer wurden en nei achter setten, allegearre om de sylkapasiteiten te ferbetterjen." Jansen ferwachtet dan ek net dat der ea in ein komt oan dy spanningen. "It is krekt as mei de Formule-1, dy siket ek altyd de mazen fan de wet op."

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Trefwurden: 
SKS skûtsjesilen
(Advertinsje)
(Advertinsje)