Gjin foodtrucks yn Snits fanwege min waar

15 aug 2017 - 18:22
In Foodtruck op in oar festival - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It foodtruck-festival dat dit wykein yn Snits hâlden wurde soe, giet net troch. It risiko fan min waar is te grut, seit de organisaasje. It itenskarkesfestival waard earder hâlden yn 2015 en 2016, op itselde terrein dêr't ek it sânskulptuerefestival holden wurdt. Dat giet dit jier ek net troch. Plannen fan de gemeente steane de skulptueren yn it paad.

Trefwurden: 
foodtrucks Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)