Grut tal bisten by De Wissel
Simmertiid, dus drokte by de biste-asyls yn de provinsje. Yn Ljouwert is it no benammen drok mei katten by biste-asyl de Wissel. Der binne no 75 katten dy't wol in baaske brûke kinne en 16 hûnen. It mei dan wol de 'normale' simmerdrokte hjitte, mar gewoan heart it eins net te wêzen, sa fine sy by de Wissel. It grutte tal katten komt mei trochdat der yn de maitiid in soad jonge katten berne wurde dêr't net altyd in goed plakje foar fûn wurdt. It tal hûnen dat by it asyl bedarre wurdt stadichoan wat minder. De hannel op ynternet makket it folle makliker foar baaskes om de hûn foar wat jild te ferkeapjen. As der dan dochs in hûn by it asyl binnenkomt, giet it meastentiids om in hûn dêr't wat mei is.