Beslach op lûdsprekkers St.Nyk
Yn ferbân mei oerlêst is freedtejûn yn de Heemstrastrjitte yn Sint Nyk de lûdsynstallaasje fan in Sint Nykster yn beslach nommen. De man hie al faker in warskôging krigen nei oanlieding fan klachten fan omwenners.
Ek freedtejûn wie it wer mis. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de Sint Nykster.