Seizoenstart ONS Snits yn gefaar troch min fjild

15 aug 2017 - 17:10

It is noch mar de fraach oft ONS Snits takom wike har earste wedstriid spylje kin. It keunstgersfjild op it Sudersportpark is nammentlik ôfkard. It fjild foldocht neffens it fuotbalbûn net oan de betingsten. Sa rôlet de bal net goed, hat it fjild gjin goede demping en is it fjild fersliten. ONS Snits fynt dat der in nij fjild komme moat, mar neffens de gemeente Súdwest-Fryslân is dêr gjin jild foar.

Wethâlder Stoker: "Dat past net yn it sportbudzjet."

Neffens wethâlder Durk Stoker is der no gjin jild om it fjild te ferfangen. "Dat kostet sa'n 200.000 euro en dat hawwe wy net. Boppedat binne ONS en Snits Wyt Swart mei-inoar yn petear oer in gearwurking en is it noch mar de fraach wêr't aanst spile wurdt. Safolle ynvesteare yn in fjild as je net witte wa't der op spylje sil, is ek sawat." De gemeente seit te foldwaan oan it advys fan it keuringsrapport en derfoar te soargjen dat ONS aanst wer op it fjild spylje kin. Oft se lykwols snein 26 augustus helje, is noch mar de fraach. "Dy garânsje kin ik net jaan."

Harm de Wagt fan ONS Snits: "We binne der wol klear mei."

Neffens âld-foarsitter Harm de Wagt, dy't krekt ophâlden is, mar de ôfrûne jierren him dwaande hâlden hat mei it fjild, is it no oan de gemeente om it fjild te ferfangen. "Der binne tefolle spilers dy't blessearre reitsje. Boppedat hawwe wy dit twa jier ferlyn ek al oanjûn. De gemeente betinkt alle kearen wol wer in argumint om it fjild net te ferfangen. Dêr binne wy wol klear mei."

ONS begjint sneon 26 augustus mei de kompetysje yn de tredde difyzje mei in thúswedstriid tsjin ODIN '59.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal fjild
(Advertinsje)
(Advertinsje)