Drachtster fjochtet mei plysje
In Drachtster (34) is freedtejûn op de Kaden yn syn wenplak oanholden, omdat hy ferfelend die tsjin minsken op strjitte en de plysje misledige. De fertochte rekke ek noch yn gefjocht mei de plysje en besocht dêrby ek om it wapen fan in plysjeman te pakken.
By eintsjebeslút brûkte de plysje pepperspray om de Drachtster del te bêdzjen.