Hast 15 ton ôffal fan de strannen helle

15 aug 2017 - 16:41
Foto: ANP

In matras, in swangerskipstest, hast 4.000 sigarettefilters en in hiel soad paraffine. Dat is de opbringst fan de grutte strân-skjinmakaksje fan de Boskalis Beach Cleanup Tour. Yn totaal is der hast 15.000 kilo ôffal fan de Nederlânske strannen ôfhelle. Dat is minder as ferline jier, mar wer mear as de opbringst fan 2015.

Dizze ferskillen komme mooglik troch de rjochting fan de wyn, it tal strândagen of de seestreamen. Ien fan de meast bysûndere fynsten njonken de negative swangerskipstest, wie in oefenbom fan definsje. It grutste part fan it ôffal bestie út plestik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)