"Stel ferplichte wenning-APK yn"

Der moat in ferplichte keuring komme foar wenhuzen. Dat fynt de Twadde Keamerfraksje fan de SP. In frijwillige keuring is net genôch foar it foarkommen fan ûngelokken lykas de brân oan De Kelders yn 2013 of it ynstoarten fan de galerijen fan de Antillenflat yn 2011. Dat seit Keamerlid Sandra Beckerman fan de SP. Beide ynsidinten dy't se oanhellet wiene yn Ljouwert.
Beckerman freget minister Plasterk oft er in 'APK foar wenhuzen' ynfiere wol. Kontroleurs moatte dan net allinnich lette op brânfeilichheid, mar ek op koalmonokside, en op de feilichheid fan balkonnen en galerijflieren. Se wol ek witte oft der gemeenten binne dy't net genôch jild of kapasiteit hawwe om te hanthavenjen, wêrtroch de feilichheid fan bewenners yn gefaar komme kin.