Ruilferkaveling Ychten klear
Nei 33 jier is de ruilferkaveling yn de Ychtener- en Grutte Feanpolder klear. Boeren hawwe it lân no tichter by de pleats en de wetterhúshâlding yn it gebiet is sterk ferbettere.
Dêrneist is der de ôfrûne jierren foar 22 kilometer oan fyts- en kuierpaden oanlein. Tongersdei is de ruilferkaveling offisjeel ôfsletten.